Alde Fryske ferskes
Alde Sudersee
Boppeslach
De Boalserter merke
De Maitiid
De wylde swalker
Friezenliet
Fryske marren
Fryslân, myn lân
Grouster weagen
Ik kom út Fryslân
It Dokkumer lokaaltsje
It feintsje fan Menaam
It ljipaai
It lot fan Tea
It muzyk giet troch de buorren
Myn Berber
Optocht
Roeiersliet
Rûzje wyn
See,do wide see!
Silerssankje
Simmermoarn
Skipperssankje
Skûtsjesile
Ut woanskip
Wâldsang
Ynskje en Oark
Ompolske fan it hege sâlte wetter,
Fertroppe op in terp of stins
Hien'd'âlde Friezen yn de wrâld net better.
Har lân en frijdom wie har winsk.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Frjemd fan it jok fan frjemde hearen
Faak earm, mar dochs sterk en frij
Stoe de âlde Fries stânfêst by syn manearen
Hy wie in Fries, in Fries stoar hy.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden
Mei't gleone swurd yn d'iiz'ren hân,
Wie wille yn dy fromme tiden,
Wie 't foar de frijdom fan har lân.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Fan bûgjen frjemd, en fij fan leave wurden
Wie rjocht en sljocht har hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden
Stoen' s' alle twang en oerlêst jin.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen
Oerâlde leave Fryske grûn,
Waard noait dy taaie bân ferbrutsen,
Dy Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders grut.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme
In grien, in krêftich duorjend leat.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Dêr 't Reaklif sa swietkes lonket, yn de jûntiidssinneskyn.
Dêr 't it bokweitblomke pronket, tusken heide en beamguod yn.
Dêr 't de Aldehou syn brommen, oeren fier soms dreunt yn 't rûn,
Dêr 't it tilt fan fee en blommen, Dêr is 't oeral Fryske grûn!
Dêr 't it tilt fan fee en blommen, Dêr is 't oeral Fryske grûn!
Dêr 't har froed de geaÿn spriede, tusken Lauwers, Linde en Flie.
Rêstich drôgjend, oft de ierde, Rûnom noft en frede wie.
Dêr 't de grûn de soargen leannet, Fan der minsken warbre hân,
Dêr 't men frij en feilich wennet, Dêr is 't ynleaf Heitelân!
Dêr 't men frij en feilich wennet, Dêr is 't ynleaf Heitelân!
Lit ús tinke oan âlde tiden, ieuwen fol fan lêst en noed.
Kriich tsjin frjemdfolk, fjochtsjen, striden, Wrakseljen mei wetterfloed.
Dêr 't Dy 't âlde folk bewarre, dreech tsjin stoarm en twingerij.
Dêr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"
Dêr sill' wy, as Friezen, swarre: "Aldfaars erf, wy weitsje oer Dy!"
Wêr is dy âlde fiskersfloat. Wêr is dy âlde Lemmerboat. Wêr bin de bokkens en de fiskerij.
Wêr bleau de moaie âlde tiid. Al wie it libben faak in striid. Oh Sudersee do wiest in freon foar my.
Sa tink ik noch faak oan dy moaie âlde tiid. Do joechst my wille, mar do joechst my ek fertried
Do âlde Sudersee, ik kin dy nea ferjitte. Do âlde Sudersee, do bliuwst my ivich by.
Do âlde Sudersee, ik kin dy nea ferjitte. Do âlde Sudersee, do wiest in freon foar my.
Wêr is dy âlde fiskerman. Dy 't foar syn brea te fiskjen gong. Wêr is dy tiid fan hjerringfiskerij.
Oh Sudersee do bist net mear. Dyn weagen gean net mear te kear. Oh Sudersee it is foargoed foarby.
Sa tink ik noch faak oan dy moaie âlde tiid. Do joechst my wille, mar do joechst my ek fertried
Do âlde Sudersee, ik kin dy nea ferjitte. Do âlde Sudersee, do bliuwst my ivich by.
Do âlde Sudersee, ik kin dy nea ferjitte. Do âlde Sudersee, do wiest in freon foar my.
Dat wie wer boppe, dat wie in boppeslach.
Wat wie die bal rekke, dat wie gjin misstekke.
Dat wie wer boppe, dat wie in boppeslach.
Jou ús noch in slokje, want it is noch lang net nacht.
Yn Kimswert, Sint Jabik en ek yn Wâldsein, ha se nei de striid om priis en preemje.
Ek wol sin yn in slokje, dat giet nei san dei, dan hat men sa 'n toast fan it keatsen.
En de kening fan dy dei, sjongt nei in healoere mei.
Dat wie wer boppe, dat wie in boppeslach.
Wat wie die bal rekke, dat wie gjin misstekke.
Dat wie wer boppe, dat wie in boppeslach.
Jou ús noch in slokje, want it is noch lang net nacht.
Ik kaam har wer temjitte en seach har bjuster oan.
Ik seach har oan, ik seach har nei, mar seach hja my, dan rûn ik wei,
ja rûn ik wei, ja rûn ik wei, en like hast bestoarn.
Soms each hja nei de kreammen, en koft wat nije klean.
Mar wat hja koft, en wat hja die, of wat hja te benoaskjen hie,
benoaskjen hie, benoaskjen hie, hja moast my altyd sjen.
Dan gluorke se oer it skouder, krekt as 't in skierkert wie.
En wêr 't hja glûpte, of wat hja seach, ik wie har nea net út it each,
net út it each, net út it each, al wie 'k ek noch sa fier.
De jûn begûn te kommen en 't foltsen gong te bier.
De famkes kui 'ren hân oan hân, en wat der wie yn 't Fryske lân,
yn 't Fryske lân, yn 't Fryske lân, moatst no ris oan `e swier.
Myn makkers reagen hinne en namen elts in faam.
De pipen stieken se op `e hoed, en seinen: "Man, wat bist in bloed,
wat bist in bloed, wat bist in bloed, ik wist wol, wa 't ik naam."
Myn bloed begûn te koaitsjen, ik wist te wrâld gjin rie.
Ik wie dochs jit mar santsjin jier, en no al mei in faam te bier,
in faam te bier, in faam te bier, dêr 'k nea net dûnse hie!
No stie ik by in kreamme fol koeke en swietekau.
Ik koft wat dûmkes foar de bern en tocht dan dêrmei wei te sjen,
wer wei te sjen, wer wei te sjen, mar nee, dat wie dêr: ho!
In hiele rig'le fammen dy kamen op my ta
en tomm'len my dêr op it liif, en seinen: "Man dêr is dyn wiif,
dêr is dyn wiif, dêr is dyn wiif, want Wobbel woesto ha".
En Wobbel liet har sinke, en patte as in wyld.
As pypkeniel oer rizenbrij, ja noch wol swieter smakke 't my,
ja, smakke 't my, ja smakke 't my, fan sok in aardich byld.
En dêrnei, ûnder 't dûnsjen en patsjen sûnder ein,
Sei Wobbel: "Werom stunest sa? Do woest my ommers lang al ha,
ja lang al ha, ja lang al ha, ei! hiest it my mar sein".
"Dêr", sei ik, "dêr, myn Wobbel! Dêr hast myn rjochterhân.
Bliuw altyd rjocht en sljocht as no, hâld jimmer dy oan Fryske trou,
oan Fryske trou, oan Fryske trou, dêr is gjin fêster bân!"
As de fûgels striekes sjouwe nei it dak of holle beam.
As de fjilden har ûntjouwe en de blomkes iepen gean.
Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân. Dan laket alles, alles jin sa oan.
De moaie maitiid mei syn blauwe loft,
is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft,
is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft.
As twa jonge minske-herten troch de leafde bin ferbûn.
En it houlik wurd besletten 't grutte libben wurd begûn.
Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân. Dan laket alles, alles jin sa oan.
De moaie maitiid mei syn blauwe loft,
is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft,
is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft.
En no noait noch nimmer.
noait noch nimmer, noait mear.
Sil ik spylje foar swalker.
myn libben noait mear.
Ik gong nei 't kafee ta, da 'k altyd besocht.
en frege de kastlein om in fleske fol focht.
Mar ik haw gjin jild mear,hy sei:"nee" d&234;rnei,
"sokke klanten as dy kin'k krije eltse dei."
En no noait noch nimmer.
noait noch nimmer, noait mear.
Sil ik spylje foar swalker.
myn libben noait mear.
Ik griep út myn bûse in pracht sûvenier.
de kastlein seach happich en waard tige blier.
Hy sei: "ik ha foar jo goed iten en focht.
en wat ik sa krekt sei,wie mar om'e nocht."
En no noait noch nimmer.
noait noch nimmer, noait mear.
Sil ik spylje foar swalker.
myn libben noait mear.
Wyn en weagen songen dêr har liet foar my,
efter hege diken gie myn jeugd foarby.
Mar myn herte lange nei de wide wrâld,
'k woe om fierrens swalkje sûnder honk en hâld.
Mar myn herte lange nei de wide wrâld,
'k woe om fierrens swalkje sûnder honk en hâld.
Folle lok en lijen haw ik neitiid fûn,
wat ik ienris dreamde hat my 't libben jûn.
`k Socht de fiere kimen, dêr 't myn hert my dreau,
nearne koe ik bankje, want ien langstme bleau.
`k Socht de fiere kimen, dêr 't myn hert my dreau,
nearne koe ik bankje, want ien langstme bleau.
Langstme nei it griene bûntbeblomme lân,
dêr 't de noardseeweagen spiele oan it strân.
Dêr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgerûs,
nei de eigen oarde en myn lêste hûs.
Dêr 't de kobben krite skril yn 't stoarmgerûs,
nei de eigen oarde en myn lêste hûs.
Midsimmers pronkseal binne de marren:
Rûnom is pompegrien, markol dy dûkt.
Eintsjes yn 't wetter driuwe sa sêftkes,
reidhintsjes boartsje, wytstirns dy spûkt.
Reidhintsjes boartsje, wytstirns dy spûkt.
Midsimmers pronkseal binne de marren:
Rûnom is pompegrien, markol dy dûkt.
Markol dy dûkt, dy dûkt, markol dy dûkt.
Nocht oars sa nearne jouwe de marren:
Oerfloedich libbensswiet, sûnheit en tier.
Roeikje en sile, swimme en fiskje,
sterkje de spieren yn 't simmer hjealjier,
sterkje de spieren yn 't simmer hjealjier.
Nocht oars sa nearne jouwe de marren:
Oerfloedich libbensswiet, sûnheit en tier.
Sûnheit en tier, en tier, sûnheit en tier.
Doe 't ik earn yn fryslân, op in stille dyk roun,
seach ik om my hinne, nei de natûr.
It gêrs wie grienich, fersierd mei blommen,
en hjir en dêr in buorkery.
Dit lân is myn lân, dit lân is dyn lân,
fan 'e Lauwerssee ôf, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e Ofslútdyk,
dit is it lân foar dy en my.
Ik makk' in kuier, de sinne skynde,
en yn 'e fierte, seach ik wite seiltsjes.
Dy grutte marren, mei al syn boatsjes,
dat is ús Fryslân op syn bêst.
Dit lân is myn lân, dit lân is dyn lân,
fan 'e Lauwerssee ôf, nei it Iselmar ta,
fan e Lemsterhoeke, tot oan 'e Ofslútdyk,
dit is it lân foar dy en my.
Dit is it lân foar dy en my.
Rôlje, polskje, Fryske weagen, rôlje en wâlje om 't âlde Grou!
Brûs en wiggelje âlde weagen, kroanje de âlde rûne trou!
Rôlje, wâlje âlde Grou, byld fan echte fryske trou.
Byld fan echte fryske trou.
Heit en mem binn' hjir bedutsen, berntsjes, twiichjes fan myn hert.
Suchten binne hjir ferbrutsen, dy 't myn god allinne heart.
Hiel myn libben fleach foarby, âlde, trouwe Grou, by dy.
Alde, trouwe Grou, by dy.
Rôlje, rôlje, Grouster weagen! Brûs en spiel jit om myn grêf.
Libjend koe 'k dy net besjonge, spiel my deade wei as tsjêf.
Lit myn berntsjes leaf en frij, roeie en djoeie dan yn dy.
Roeie en djoeie dan yn dy.
Rôlje, rôlje, wetterweagen, rôlje en brûs om 't âlde Grou!
Miriaden foar ús eagen, fleagen stowen om ús Grou!
Rôlje, rôlje ús foarby! Hurde Friezen bliuwe wy!
Hurde Friezen bliuwe wy!
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.
Sjoch ik de marren en de skûtsjes en de pompeblêden dan by simmerdei.
Sjoch ik de greiden, kei en kealtsjes, no dan tink ik:
"Nee, ik gean hjir noait wer wei!"
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.
Wat moat ik no bûten Fryslân, nee brûk dochs dyn ferstân,
dan mis ik dat moaie skjinne wetter.
It bliuwt foar my Fryslân boppe en Hollân yn 'e groppe
en de Fryske taal, dat leit my better.
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.
Sjoch ik de marren en de skûtsjes en de pompeblêden dan by simmerdei.
Sjoch ik de greiden, kei en kealtsjes, no dan tink ik:
"Nee, ik gean hjir noait wer wei!"
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
it liket krekt oft dêr de sinne altyd skynt.
Ik kom út Fryslân, myn moaie Fryslân,
in echte Fries begrypt wat my oan Fryslân bynt.
Yn it noarden fan Fryslân, der ried ris in tram mei in gong fan sa 'n tritich yn 't oer.
Mar de tiid gong foarby en dat tramke moast wei. En doe rekke de bouhoek fol fjoer.
Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.
In kommisje fan trije, dy kaam oan it wurd. Foar dy tram der moast komme in bus.
En it duorre net lang, want it spoar wie net bang. En no hinget in elts yn e lus.
Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.
Hiel de bouhoek stiet stram, hast yn fjoer en yn flam, want de bus nou dy is oan 'e rol.
En jo stean by de wei en jo kinne net mei, want de bus, nou dy is altyd fol.
Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.
Dêrom nou ta beslút,smyt dy bus der wer út,en jou ús dan mar leaver it spoar.
Ek al fret hy de koal ek by 't weintsje hast fol, en al wie men fan 't reizgjen wat goar.
Yn it Dokkumer lokaaltsje, siet men rom it hiele ein.
En it wie der sa smûk, as men siet yn 'e hoek.
O, wat wie dochs dat tramke soms fijn.
Myn ryk-rak fyts fan stâl! Ik ryd him troch de hikkedaam
en set ek fuort fan wâl, ast feintsje fan Menaam.
No ja, no ja! Want sin en wille is mear as jild yn bosk en iepen fjild,
yn bosk en iepen fjild.
Men sjocht my thús net wer, sa lang myn wrakke bân it hâld,
Ik swalkje her en der oer hiel de wide wrâld.
No ja, no ja! Want sin en wille is mear as jild yn bosk en iepen fjild,
yn bosk en iepen fjild.
Sjoch ik in bliere faam, ik ryd der net mei feart bylâns
as 't feintsje fan Menaam, mar 'k gryp myn goede kâns.
No ja, no ja! Want sin en wille is mear as jild yn bosk en iepen fjild,
yn bosk en iepen fjild.
Jou ús in lytse klint, in hoekje bou, in geit dêrta,
Al ha 'k gjin reade sint, hoe skoan sill' wy 't dêr ha.
No ja, no ja! Want sin en wille is mear as jild yn bosk en iepen fjild,
yn bosk en iepen fjild.
Troch de wyld oerstjoere baren, brûsde de aak fan sterke Tea.
En yn stoarmen en gefaren wûn hy wiif en bern it brea.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Mar de nije tiden sprutsen, 't oardiel oer de Sudersee.
Al syn macht en rom wie brutsen, en de ôfslútdyk kaam ree.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Ja, de see koe `t inkeld witte, en de moanne, rûch en rea.
Dêr sylde ien de nacht temjitte, 't wie de aak fan sterke Tea.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Yn dy neinacht ha de stoarmen, bold'rjend op `e skoarstien stien.
Wee, dy 't doe oer 't wetter doarmen, binn' mei man en mûs fergien.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Amper njoggen dagen letter, spielde der in manljuslyk.
Roeike fan it widzjend wetter, tsjin `t basalt fan de ôfslútdyk.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Sjong no, see, in liet fan smerte, om de stoere fisker Tea
Oan `e see joech hy syn herte, yn de see fûn hy syn dea.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
Sudersee, dyn skomjend wiid, 't is in sang út âlde tiid.
O, beanhearre, blaas oer it wetter, o, beanhearre, blaas oer de see.
O, beanhearre, blaas oer it wetter, en bring my myn Berber te stee, te stee.
Bring my, bring my, o bring my myn Berber te stee, te stee.
Bring my, bring my, o bring my myn Berber te stee.
In nacht doe 't ik lei yn 'e slomme, in nacht doe 't ik lei yn it hea.
In nacht doe 't ik lei yn 'e slomme, ik dreamde myn Berber wie dea, wie dea.
Bring my, bring my, o bring my myn Berber te stee, te stee.
Bring my,bring my,o bring my myn Berber te stee.
De beanhearre blaasde oer it wetter, de beanhearre blaasde oer de see.
De beanhearre blaasde oer it wetter, en brocht my myn Berber te stee, te stee.
Brocht my, ja brocht my, ja brocht my myn Berber te stee,te stee.
Brocht my, ja brocht my, ja brocht my myn Berber te stee.
Plysje foarop mei syn krêftige passen, dan it muzyk dat hast knapt út de jassen.
Rom-bom, rom-me-dom-me-dom, rom-bom, rom-me-dom-me-dom.
Eagen pûlje út en op 'e lippen stiet it skom.
En dan dêrefter dêr sjonge en âlje, jongen en âlden, ús manlju en froulju.
Rom-bom, rom-me-dom-me-dom, rom-bom, rom-me-dom-me-dom.
Optocht is it no en dat komt net sa gau werom. (1e stim)
Optocht is 't en dat komt net werom. (2e stim)
Sjongende fûgels yn mieden en greiden,
slomjende blommen wêr 't de dau op blinkt.
Brûzende weagen en waaiende reiden,
poarperen sinne, sa moai, wyl 't hja sinkt.
Jûfalderaldera. Jûfalderaldera.
Wêr dat ik sjoch, winkt myn famke my ta!
Jûfalderaldera. Jûfalderaldera.
Wêr dat ik sjoch, winkt myn famke my ta!
Dêr yn dat pleatske yn 'e beamen beskûle,
dêr is it sinneljocht, dat skynt foar my.
Dêr bloet myn blom op in kersreade mûle,
dêr is myn wille en myn sin, myn Marij.
Jûfalderaldera. Jûfalderaldera.
Bring no, myn boat, nei dat pleatske my ta!
Jûfalderaldera. Jûfalderaldera.
Bring no, myn boat, nei dat pleatske my ta!
As yn myn libben de stoarmen faak rûze,
as ek it tsjuster oer it wetter leit.
As ek de weagen wyld skomje en brûze,
'k wit fan gjin leed mei myn leaflike breid.
Jûfalderaldera. Jûfalderaldera.
'k Roei mei myn famke fol moed dêr op ta!
Jûfalderaldera. Jûfalderaldera.
'k Roei mei myn famke fol moed dêr op ta!
Stimmen, stimmen hoar, dôven yn oerstroere weagen.
Stimmen, stimmen hoar, gyngen yn 'e nacht teloar.
Hja binne earne tein, yn 'e stoarm fan hûs ferstaat,
dreamen binn' ferflein. Yn 't saffieren mearminsklaad.
Weagen, weagen blau, witte fan har aventoeren.
Weagen, weagen blau, witte fan har wiere trou.
Hja binne earne tein, yn 'e stoarm fan hûs ferstaat,
dreamen binn' ferflein. Yn 't saffieren mearminsklaad.
See, see do stoere see, wêr mei myn feint dochs bliuwe?
O, lit oan de âlde ree syn boat doch binnendriuwe!
Mar hoe, dyn byld wurd swart en wyld. Do bromst fan leed en lijen.
Ik fiel, ik sjoch 't gjin wille en nocht, is mear foar my te krijen.
See, see, do stoere see, do ropst it my temjitte.
Faam, faam dêr oan de ree, do moatst dyn feint ferjitte.
See, see, sa wif en rou, berchsto him yn dyn skerte,
ik hâld him, ivich trou, besletten djip yn 't herte.
Dyn weachgebrûs, dyn stoarmgerûs heech oer syn holle rôlet.
Allyk de smert djip út myn hert yn wylde weagen wâlet.
See, see, sa wif en rou, berchsto him yn dyn skerte,
ik hâld him, ivich trou, besletten djip yn 't herte.
weachjes rôlje tsjin it boat. Los de skoat Los de skoat!
Skipkes glide ús foarby. Fleurich sjonge wy.
En wy skommelje en wy dommelje. Boatsje-farren is ús doel.
Nearne is 't better as op 't wetter fan de wide poel.
Alles wat libbet docht der no sines by:
Fôltsjes en kealtsjes hynders en kei.
Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje.
Lamkes, dy springe nuvere blij.
Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje.
Lamkes, dy springe nuvere blij.
't Lurkje yn 'e wolken, de eintsjes yn 't lizich wiet,
moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet
De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje.
Skries op 'e hikke, ropt grito-griet!
De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje.
Skries op 'e hikke, ropt grito-griet!
`k Woe foar gjin gûne dat 'k jit te sliepen lei,
't is my sa noflik ier op `e dei.
Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje,
alles is fleurich, ik bin it mei.
Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje,
alles is fleurich, ik bin it mei.
Ferjit my net, as millioenen stjerren,
en 't freonlik moantsje my beskynt,
en do swiet dreamd hast yn de sêfte fearren.
Ferjit, ferjit my net! Ferjit, ferjit my net!
Ferjit my net, as wylde touwerfleagen,
my slingerje dêr 't god it wol.
As ik ompolksje mei de dea foar eagen.
Ferjit, ferjit my net! Ferjit! ferjit my net!
Ferjit my net, as wreed de stoarmen bylje,
en 't libben hinget oan in tried.
As wy ferslein oan 't needtou ride en fylje.
Ferjit,ferjit my net! Ferjit, ferjit my net!
Ferjit my net, as swarte tommelweagen,
oertrûzelje it warleas skip.
En alle eleminten tsjin ús teagen.
Ferjit, ferjit my net! Ferjit, ferjit my net!
Ferjit my net, as we einling jit fersinke,
en teare yn 'e djippe see.
Wol dan mei triennen, triennen om my tinke.
Ferjit, ferjit my net! Ferjit, ferjit my net!
In sneon yn augustus, de sinne sy skynt
en alles dat fljucht nei ús Grou.
Mei fytsen en auto's en motors en sa,
fan greiden, fan fjilden en bou.
Mar ien kear yn 't jier, dochs dan wit sels in bern,
dan binne de skûtsjes yn Grou wer te sjen.
Skûtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn.
Mei myn skûtsje en myn wiif en it helmhoud sa tusken ús yn.
As ik mei myn skûtsje troch Fryslân dêr gean,
dan tink ik sa faak: bleau dy tiid mar ris stean.
Skûtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn.
Pytersma en Witteveen en Ulbe van Dyk,
ja allegearre binne presint.
Sytsma en Dijkstra, mar ek blauwe Pyt,
bin nammen yn Fryslân bekend.
En ien kear yn 't jier komt it spul wer en nou,
dan wurd er fûl striden, dan sjongt hiel 'e Grou.
Skûtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn.
Mei myn skûtsje en myn wiif en it helmhoud sa tusken ús yn.
As ik mei myn skûtsje troch Fryslân dêr gean,
dan tink ik sa faak: bleau dy tiid mar ris stean.
Skûtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn.
Wy hawwe yn Fryslân in soad silerij,
mei joltsjes en skouwen en sa,
mar skûtsjes, dy sjocht men mar ien ris yn 't jier.
Foar in skipper is dat der op ta.
Hy wrot foar de takomst, de beam yn 'e hân,
foar frou en foar berntsjes, foar 't Frysene-lân.
Skûtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn.
Mei myn skûtsje en myn wiif en it helmhoud sa tusken ús yn.
As ik mei myn skûtsje troch Fryslân dêr gean,
dan tink ik sa faak: bleau dy tiid mar ris stean.
Skûtsjesile is myn nocht, lavearje en soms foar de wyn.
En we hewwe un woanskip en ut leit an 'e Singel.
En we hewwe un arkje, 't is ons ideaal.
En komme jim noch us by ons an 'e Singel.
Kom dan in ons woanskip gerust allemaal.
mar op een keer sei plotseling Etsje:
"Kiek nou us Nico, hoe dat nou weer komt.
Ik sit hier potdorie met de futen in 't water.
Dur sit un gat as un fúst in 'e romp."
Ut water dat steeg snel en de meubels die dreven,
de kans op ferdinken, die was toen heel groat.
Want gien fan beiden konden se swemme,
se dreven de deur út op un tafelspoat.
En we hewwe un woanskip en ut leit an 'e Singel.
En we hewwe un arkje, 't is ons ideaal.
En komme jim noch us by ons an 'e Singel.
Kom dan in ons woanskip gerust allemaal.
Se trokken dy skuit toen fluch nar de helling,
en daar stopten se heel fakkundich ut lek.
En Etsje ging toen de meubels weer poetsen,
want ut pluche fan de klubkes sach blau fan de drek.
Se leiden niet lang dêr gins an 'e Singel,
toen kwam ur un plysje, soa een met un pet.
En dy sei: "Jim mutte hier fut weze minsen,
jime ontsiere de stad met jim woanskippe-smet."
En we hewwe un woanskip en ut leit an 'e Singel.
En we hewwe un arkje, 't is ons ideaal.
En komme jim noch us by ons an 'e Singel.
Kom dan in ons woanskip gerust allemaal.
Se hewwe dy skuit toen nar de potmarge trokken,
we protesteerden, mar ut gaf ons gien biet.
Want weetst warom, ut is Jan met de pet mar
en dy mutte se hewwe en de groaten just niet.
En we hewwe un woanskip en ut leit an 'e Singel.
En we hewwe un arkje, 't is ons ideaal.
En komme jim noch us by ons an 'e Singel.
Kom dan in ons woanskip gerust allemaal.
En we hewwe un woanskip en ut leit an 'e Singel.
En we hewwe un arkje, 't is ons ideaal.
En komme jim noch us by ons an 'e Singel.
Kom dan in ons woanskip gerust allemaal.
Maaimoanne'pronkseal binne de Wâlden,
't hôf klaaid yn bloeiselwyt, geal sjongt en slacht.
Kijkes yn 't finlân rinne te weidzjen,
`t nôt weagt it fjild oer, swiid is de pracht.
`t Nôt weagt it fjild oer, swiid is de pracht.
Maaimoanne'pronkseal binne de Wâlden,
't hôf klaaid yn bloeiselwyt, geal sjongt en slacht.
Geal sjongt en slacht. Geal sjongt en slacht.
Fryske bewenners hawwe de Wâlden,
hja libje froed en from, sljocht binn' se en rjocht.
Eang fan útwrydskens, gol en ienfâldich,
Altyd deselde, wêr 't men se sjocht.
Altyd deselde, wêr 't men se sjocht.
Fryske bewenners hawwe de Wâlden,
hja libje froed en from, sljocht binn' se en rjocht.
Sljocht binn' se en rjocht. Sljocht binn'se en rjocht.
Oark bist net wiis? Ik op it iis?
Och, ik win noait net op redens in priis.
'k Soe it wol dwaan, wie 'k op 't iis mar wat gauwer.
Feintsje, toe leau my: ik bin mar in klauwer.
Oark bist net wiis? Ik op it iis?
Ynskje wint noait net op redens in priis.
Ynskje op 'e baan! Wolst it net dwaan?
Famke, wat let dy om tawurd te jaan?
Hingje mar op my, en lit dy mar sliere!
Falstû, dan kinst yn myn earmen wol gliere,
Ynskje op 'e baan! Silst it no dwaan?
Ja, ja ik wist wol datst keap soeste jaan!
Oark wie wol wiis, want op it iis,
mijde er de banen, beriden en griis.
Fier fan it folk, op it leech sa allinne,
dreauke dit pearke sa noflik der hinne.
Oark wie wol wiis, want op it iis,
wûn er it hert fan in famke ta priis.