
Friesland has a area of 5740 km divided into 31 communes and a total of
612.016 inhabitants.
The most famous happing in Friesland is the
Eleven city trip(link=Dutch)
LINKS :
Het Fries Web
Fryslân 500 Jaar
Frysk Damjen
Ompolske fan it hege sâlte wetter,
Fertroppe op in terp of stins
Hien'd'âlde Friezen yn de wrâld net better.
Har lân en frijdom wie har winsk.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Frjemd fan it jok fan frjemde hearen
Faak earm, mar dochs sterk en frij
Stoe de âlde Fries stânfêst by syn manearen
Hy wie in Fries, in Fries stoar hy.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden
Mei't gleone swurd yn d'iiz'ren hân,
Wie wille yn dy fromme tiden,
Wie 't foar de frijdom fan har lân.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Fan bûgjen frjemd, en fij fan leave wurden
Wie rjocht en sljocht har hert en sin.
Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden
Stoen' s' alle twang en oerlêst jin.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen
Oerâlde leave Fryske grûn,
Waard noait dy taaie bân ferbrutsen,
Dy Friezen oan har lân ferbûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders grut.
Bliuw ivich fan dy grize hege stamme
In grien, in krêftich duorjend leat.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Klink dan, en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn.